Van Gessel net goed genôch

01 nov 2012 - 16:51

Direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing is net de goeie man om Fryslân yn de takomst te promoaten by toeristen. Dat sizze Deputearre Steaten yn antwurd op fragen fan de VVD. Fryslân Marketing sit finansjeel yn de problemen, omdat de organisaasje in subsydzje foar it projekt 'Fryslân Topattraksje' fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân misrûn is, wylst dêr wol op rekkene wie.

Nei dizze saak is Paul van Gessel twa wiken op non-aktyf set. Yntusken is hy wer oan it wurk.

Deputearre Steaten fine de finansjele situaasje by Fryslân Marketing noch altyd 'soarchlik'. De provinsje hat in adviseur oansteld dy't helpe moat om de problemen yn kaart te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)