Vuelta nei Fryslân fraachteken

Vuelta
It is noch mar de fraach oft de Ronde fan Spanje yn 2015 noch yn Fryslân komt, no't de provinsje Drinte him weromlûkt as jildsjitter. De Vuelta soe yn 2015 yn Drinte starte en dêrnei ek mei twa etappes troch Fryslân gean. Snits en Boalsert waarden neamd as startplakken. Drinte hie 600.000 euro tasein, mar lûkt dat yn fanwege de dopingaffêres fan de lêste tiid. De provinsje Fryslân wie ek foar de komst fan de Vuelta, mar hie noch gjin jild tasein foar de organisaasje.
Wol soe der 20.000 euro meibetelle wurde oan in helberensûndersyk fan de provinsje Drinte. Deputearre Hans Konst sit yn de Ried fan Advies fan La Vuelta Holanda dy't besiket de ronde nei Nederlân te heljen. De provinsje beslút ynkoarten oer stipe oan de Vuelta.