Nij rekkennûmer Friesland Bank
Klanten fan de Friesland Bank krije nei de oername troch de Rabobank dochs in nij rekkennûmer. De Rabobank hat wol besocht om de nûmers ien op ien oer te nimmen, mar dat blykt net helber.
Yn 2014 krije rekkennûmers neist njoggen sifers ek in letterkombinaasje. De Rabobank wol dy feroaring takom jier yn ien kear trochfiere.