Fallite Boerma wol trochstart

01 nov 2012 - 12:44
  • Fallisemint

Kurator Rimar Goudberg fan it fallite ynstallaasjebedriuw Boerma út Surhústerfean set yn op in trochstart, want der binne noch opdrachten. De rjochtbank hat it fallisemint woansdei bekend makke. By Boerma wurkje noch 20 minsken. Dy kinne foarearst oan it wurk bliuwe omdat soks in mooglike trochstart makliker makket.

Boerma hat in bankskuld fan 550.000 tûzen euro en oare minsken en bedriuwen ha noch 350.000 euro tegoede fan it bedriuw. Der is sa goed as gjin belestingskuld. It persoaniel hat allinnich de lêste perioade net betelle krigen.

Oarsaak is de krisis yn de bou. It tal falliseminten yn de bou nimt dit jier 'schrikbarend' ta, sa sei kurator Goudberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)