Hemmen twifelgefal by Cambuur

01 nov 2012 - 12:42
  • SC Cambuur

Michiel Hemmen is by Cambuur foar de útwedstriid tsjin Helmond Sport freed in twifelgefal. De spits is blesseard oan de foet. Hy trainde tongersdei net mei de groep mei. De technyske stêf fan Cambuur nimt pas freed in beslissing om Hemmen al of net yn de seleksje op te nimmen.
Cambuur giet yn berop tsjin de reade kaart fan Tim Bakens. De ferdigener waard tiisdei yn de bekerwedstriid tsjin Telstar mei read út it fjild stoerd. Ut de TV bylden blykt dat der lykwols gjin sprake wie fan in oertreding.

De beropskommisje komt tongersdeitejûn by elkoar. As Cambuur yn it gelyk steld wurdt, begjint Bakens yn de basis. Sa net, dan is Leon Broekhorst syn ferfanger. Mohamed El Makrini is tsjin Helmond Sport noch skorst. Marco van der Heide en Martijn van der Laan kinne ek noch net spylje. Oebele Schokker en Wout Droste binne nei in grypke ek noch net topfit, mar sy binne beide nei alle gedachten wol ynsetber.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)