Skoallebrochje yn Flecke

It Nasjonale Skoallebrochje waard tongersdei op 'e Jouwer holden yn Wensoarchsintrum Flecke. 19 learlingen fan groep 5 en 6 fan de Lyts Luchtenveldskoalle wiene útnoege om mei de bewenners fan it soarchsintrum in hapke te iten. It gie om in inisjatyf fan it Oranjefûns. Mear as 500.000 skoalbern ha op sa'n 2.500 basisskoallen meidien oan it projekt. Of der waard op skoalle iten of op in oare lokaasje lykas op 'e Jouwer. De aksje is bedoeld om der by de âlden en de bern op oan te trúnjen dat de bern moarns ite foardat se nei skoalle geane.
Ek op de Lyts Luchtenveldskoalle binne bern dy't net ite foardat se nei skoalle gean.