Frou falt mei fyts tsjin auto

01 nov 2012 - 10:10

In 73-jierrige frou út Drachten is woansdeitemoarn ferwûne rekke oan har knibbels by in ferkearsûngelok. De frou fytste oer de Oliemolenstrjitte, doe't se mei har fyts tsjin in auto oanfoel dy't har ynhelle.

Dy waard bestjoerd troch in 53-jierrige man út Drachten. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)