Brân koeriersbedriuw It Fean

Koeriersbedriuw H&R Koeriers op It Hearrenfean hat grutte skea as gefolch fan in brân woansdeitenacht. Troch ûnbekende oarsaak ûntstie der omtrint healwei trijen brân op de ferdjipping fan it bedriuw. It gebou oan de Ljouwerterstrjitwei rûn grutte skea op, dy rint mooglik in de tonnen. Der lei net folle guod fan klanten opslein, allinne in partij klean gie ferlern.
By de brân kaam in soad reek frij. De bedriuwsaktiviteiten binne ûnderbrocht yn de neistlizzende bedriuwswenning. It bedriuw pakt tongersdei it wurk al safolle mooglik wer op.