Plan biblioteeksluting ôfkard

01 nov 2012 - 06:46
  • byb Makkum

It plan foar it sluten fan fiif biblioteken yn Súdwest-Fryslân is foarearst fan tafel. It helberensûndersyk dêr't de sluting fan de biblioteken fan Makkum, Koudum, Drylts, Warkum en Wytmarsum yn stie, is woansdeitejûn troch de riedskommisje fan tafel fage. Neffens koalysjepartij PvdA koe it stik sels sa de ôffalamer yn. Tsjinstanners fan sluting oerlangen noch 8000 hântekenings. Wethâlder Wigle Sinnema joech ta dat it ûndersyk net goed wie. Dat kaam trochdat it ûnder hege tiidsdruk skreaun is. De besuniging is dêrmei net fan 'e baan.

De gemeenteried hat earder al besletten dat der hûnderttûzenen euro's besunige wurde moat op de biblioteken. Dêrom komt der no in nij ûndersyk om te sjen hoe't dat moat. In saakkundich buro sil ûndersyk dwaan nei de mooglikheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)