'Swimbad Boalsert iepenhâlde'

Der wurdt dochs sjoen nei de mooglikheid om it oerdekte swimbad yn Boalsert beheind iepen te hâlden. Dat wie de útkomst woansdeitejûn fan it oerlis tusken de riedskommisje en wethâlder Wigle Sinnema fan Súdwest-Fryslân yn Drylts. Der leit al in ûndersyk dêr't út bliken docht dat as der besunige wurde moat, dat te'n koste giet fan ien fan de trije oerdekte swimbaden yn Snits, Warkum en Boalsert.
Sluting fan Boalsert liket it meast foar de hân te lizzen.
De wetterpoloferiening fan Boalsert protestearre by de riedskommisje tsjin de sluting. Op oantrunen fan de gemeenteried wurdt no besjoen oft it nijste part fan it Boalserter swimbad dochs iepen bliuwe kin. Neffens Sinnema soe it dan wolris hiel dreech wurde kinne om de ôfsprutsen besuniging te heljen.