Tefredenheid oer bidbook

31 okt 2012 - 15:10

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat woansdei yn Amsterdam it bidbook fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 oanbean oan direkteur De Graaf fan it SICA. De Stichting Internationale Culturele Activiteiten helpt de sjuery by de kar foar de Nederlânske ôffurdiging foar KH2018.

Ljouwert wie de iennige stêd dy't mei in grutte delegaasje delkaam. Mear as hûndert minsken wiene yn trije bussen nei Amsterdam ôfreizge, ûnder oare in klasse skoalbern fan de Oldenije, de Ljouwerter Skotsploech en sjonger Billy Benton.

De organisaasje Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 hat in goed gefoel oer de oanbieding. Se tinke dat it meihelpe kin fierder te kommen.

De kandidatuer waard oanbean op it terrein fan 'e Westergasfabryk yn Amsterdam. It bidbook is fierders mei oranjekoeke oanbean oan 'e redaksje fan it televyzjeprogramma De Wereld Draait Door dy't ek op it terrein sit. Oare media yn Amsterdam en yn Hilversum hawwe ek Fryske besite hân. Der wie in lytse rûnrit op it terrein fan 'e Westergasfabryk mei Fryske hynders. De skotsploech hat der ek noch dûnse en muzyk makke.

Einn novimber kin elke kandidaat-stêd de oanfraach noch fierder taljochtsje yn in mûnlinge presintaasje en fragen beantwurdzje. Dat bart foar in sjuery fan trettjin persoanen, seis út Nederlân en sân út it bûtenlân. Deselde jûn wurdt bekendmakke hokker twa kandidaten trochgeane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)