Noch nea safolle seehûnen

31 okt 2012 - 14:17

It oantal seehûnen yn de Waadsee groeit net mear fierder, is de konklúzje fan ûndersyksynstitút Imares nei de lêste tellingen. Tellers út Nederlân, Dútslân en Denemarken hawwe besifere dat der goed 38-tûzen gewoane seehûnen en goed 4000 grize seehûnen yn de Waadsee sitte. It giet yn beide gefallen om rekôr-oantallen. Foar nóch mear seehûnen is nei alle gedachten te min fretten en plak. It oantal seehûnen yn it Nederlanske part fan de Waadsee is al in pear jier stabyl.

It oantal seehûnen yn it Nederlanske part fan de Waadsee is al in pear jier stabyl. De sifers wurde bepaald troch fanút in fleantúch de rêstende seehûnen op de sânplaten op de foto te setten en te tellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)