Bidbook KH2018 wurdt oanbean

31 okt 2012 - 12:39
  • Skotsploech stapt yn Ljouwert op 'e bus
  • Skotsploech yn bus nei Amsterdam foar KH2018

In grutte delegaasje fan kandidaat-kulturele-haadstêd Ljouwert is yn Amsterdam om it bidbook oan te bieden. Dat bart yn de foarm fan in lytse optocht mei Fryske hynders, de Ljouwerter skotsploech en in klasse fan basisskoalle Oldenije. De fiif Nederlânske kandidaat-haadsteden Ljouwert, Maastricht, Eindhoven, Den Haach en Utrecht moatte woansdei harren kandidatuer oanbean hawwe.

In ynternasjonale sjuery fan trettjin minsken sil alle plannen de kommende moanne hifkje. Uterlik 30 novimber wurdt bekend hokker twa stêden trochgean.

Der binne yn Amsterdam wol wat senuwen waar te nimmen by de Fryske delegaasje ûnder oanfiering fan boargemaster Crone. It is de kommende tiid derop of derûnder foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)