Gameship yn Ljouwert fallyt

31 okt 2012 - 12:20
  • It gebou en logo fan Gameship yn Ljouwert

Gameship yn Ljouwert hat it fallisemint oanfrege. It bedriuw waard yn 2009 oprjochte. It hat de meast moderne animaasje- en gamestudio's fan Europa.

By it bedriuw wurde kompjûterspultsjes en animaasjes ûntwikkele. Fierders wurdt Gameship troch studinten fan de NHL en it Friesland College brûkt as learbedriuw. Under oare de provinsje, de NOM en de gemeente Ljouwert hawwe jild stutsen yn Gameship. Nije wike is de útspraak oer it fallisemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)