Kamera's tsjin ôffaldump

31 okt 2012 - 11:32

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert wolle kamera's ynsette tsjin de oerlêst fan ôffal op strjitte. It komt wol gauris foar dat minsken âlde banken, stuollen of kasten net nei de miljeustrjitte ta bringe, mar by de wei sette. In soad Ljouwerters hawwe dêr argewaasje fan. B. en w. wolle dy oerlêst no bestride troch kameratafersjoch.

Op it yllegaal op strjitte setten fan grut ôffal stiet in boete fan 360 euro. De gemeenteried moat noch in beslút nimme oer it plan fan kameratafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)