Restaurant yn Makkingea fallyt

31 okt 2012 - 11:04

Restaurant De Smaeck van Spa yn Makkingea is fallyt. Dat komt benammen troch de ekonomyske krisis. Dêrtroch besykje minder klanten it restaurant. Om de kosten te drukken wie it restaurant al net mear alle dagen iepen.

De Smaeck van Spa fan sjefkok Wim Spa hearde by de bêste restaurants fan Fryslân. Kurator De Vries fan Wolvegea slút in trochstart út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)