Oanlis nije N381 kin begjinne

31 okt 2012 - 10:55

De Rie fan Steat hat alle beswieren tsjin it provinsjaal ynpassingsplan fan de nije N381 fan tafel fage. De oanlis fan de nije dyk tusken Drachten en de Drintske grins kin dêrmei úteinsette.

Ferskate omwenners hiene beswier yntsjinne tsjin de nije dyk. Sa soe de dyk hielendal net needsakelik wêze en te bot yngripe op de omjouwing. De dyk makket neffens de bewenners ûnder oare te folle leven. Neffens de Steatsrie binne dy beswieren ûnterjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)