Bromfytser en fytsers ferwûne

31 okt 2012 - 10:34

In 18-jierige jonge út Westergeast is tiisdeitejûn ferwûne rekke, doe't er mei de brommer op in stilsteande auto fleach. Dat wie yn Kollumersweach. De jonge hie de auto net stean sjoen. Troch de klap foel er. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

By it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean binne tiisdei twa fytsers ferwûne rekke. De froulju fan 58 jier út Tsjalbert en 62 jier út De Gordyk heakken mei de stjoeren yn elkoar. Se foelen en moasten mei ferwûnings oerbrocht wurde nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)