Buske mei kraan rydt famke oan

Plysjemotor © Omrop Fryslân
De plysje siket de bestjoerder fan in buske dat tiisdei yn Easthim twa famkes oanriden hat. De twa, fan 12 en 13 jier âld, fytsten op de Nijesyl doe't se ynhelle waarden troch in wyt buske mei in karre derachter mei dêrop in minykraan. It âldste famke waard rekke troch de karre en foel. Sy naam dêrby it oare famke mei.
Beide famkes moasten behannele wurde troch in dokter. De plysje siket minsken dy't mear witte oer de oanriding.