Poarte-aksje by Dunlop

31 okt 2012 - 08:12
  • Dunlop yn Drachten

De fakbûnen hâlde woansdei in poarte-aksje by it fabryk fan Dunlop yn Drachten. Dat dogge se om it personiel der op te wizen dat der noch hieltyd gjin nije CAO is yn har brânsje. Dat komt omdat de wurkjouwers en fakbûnen it net iens wurde kinne oer de ynhâld fan dy CAO. It giet dan ûnder oare oer de hichte fan de leansferheging.

By de poarte fan Dunlop wurde flyers útdield. De fakbunen dogge dat dizze dagen ek by oare bedriuwen yn de keunststof- en rubberyndustry yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)