Utsmiters en plysje oefenje

30 okt 2012 - 22:32

De gearwurking tusken plysje en útsmiters yn Ljouwert kin better. De portiers fan hoarekagelegenheden soene mear ferantwurdlikheid nimme moatte as de kafees tichtgeane en it publyk de strjitte op giet. Dêrom trainden de útsmiters tiisdeitejûn mei de plysje foar diskoteek Fire op de Nijstêd. Der waard traind op it omgean mei ferfelende stappers en fjochtpartijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)