Friezen posityf oer akkoart

Presintaasje regearakkoart © ANP
Sechtich persint fan de Friezen is te sprekken oer it regearakkoart, sa as dat moandei prestinteard is. Dat blykt út in enkête fan Een Vandaag yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Mear as 25% fan de Friezen fynt it in min akkoart. Yn it generaal oardielje Nederlanners posityf oer it akkoart. Friezen binne negativer oer de grutte besuniging op ûntwikkelingshelp as oare Nederlanners: mar 64% fan de Friezen is dêr foar, tsjin 85% fan de Sieuwen. De basisbeurs foar studinten moat bliuwe fan de Friezen: mar 36 persint fynt dat in goede besuniging.
Fan de Sieuwen is in mearderheid wol foar dy maatregel: 62%. Foar de yngreep yn de hypoteekrinteôftrek is in soad stipe: lânlik is 70 persint dêr foar, yn Fryslân 73 persint.