A'karspelen skrast wurkprojekt

Achtkarspelen skrast it wurkgelegenheidsprojekt De Achtbaan. Fia dat projekt wurkje 28 wurkleazen út de gemeente op skoallen en by sportferienings. Troch besunigings fan it ryk is dêr gjin jild mear foar. Dit jier krijt Achtkarspelen 1,2 miljoen euro fan it ryk om minsken fan in útkearing nei in baan te helpen. Dat budzjet wurdt mei 46 persint koarte. It projekt is dan nei ferhâlding te djoer om mei troch te gean, om't noch 600 oare minsken mei in útkearing holpen wurde moatte.
De gemeente besiket noch wol oft de organisaasjes dêr't de minsken wurkje har sels yn tsjinst nimme kinne.