Bannen op dyk; auto yn sleat
In man (36) út Wolvegea en in frou (24) út Snits binne moandei yn Drinte mei de auto yn in kanaal bedarre. De twa rieden oer de N371 by Nijeveen doe't se ynienen útwike moasten foar guod dat op de dyk lei. Troch de útwykmanoeuvre rekke de Wolvegeaster fan de dyk en bedarre yn it kanaal neist de dyk. Beide koene sels út de auto en it wetter komme. Se binne wol ûnderkuolle rekke en nei it sikehûs fan Swolle brocht. Op de dyk leine fjouwer winterbannen en in dekseil, dy't nei alle gedachten fan in oanhinger fallen binne.