Asbest by sloopwurk yn Kollum

By yllegale sloopwurksumheden yn in gebou oan de Voorstraat yn Kollum is asbest frijkaam. De strjitte is dêrom foar in part ôfsletten foar it ferkear. Ferline wike tiisdei ûntduts de gemeente Kollumerlân dat der sloopt waard sûnder dat de gemeente dat wist. De gemeente hat de sloop stillein en de eigener ferplichte in asbestûndersyk te dwaan. Dat hast útwiisd dat by it sloopwurk asbest ferspraat rekke is. In spesjalisearre bedriuw rommet dat no op. As al it asbest opromme is, wurdt de Voorstraat wer frijjûn. Dat sil woansdei wêze.