Mooglik nije brânwachtkazernes

Yn Kollum en neist de provinsjale dyk tusken Dokkum en Damwâld wurde yn de takomst mooglik nije brânwachtkazernes boud. Dat is moandei sein op in byienkomst mei 120 brânwachtfrijwilligers út Noardeast-Fryslân. Der is in grutte reorganisaasje by de brânwacht geande. Korpsen wurde gearfoege, kazernes sletten en nije boud. It plan om tenei mei fjouwer brânwachtminsken op in wein te riden yn plak fan seis, is foarearst fan de baan. Dêr wie in soad protest tsjin.
Troch de reorganisaasje sille de korpsen fan Dokkum en Damwâld en dy fan Bûtenpost en Kollum op termyn gearfoege wurde. Om binnen de oankomstnoarmen by brannen te kommen, is ûndersyk dien nei it meast geskikte plak foar de brânwachtkazernes. Dat der in foarkar is foar de bou fan in nije kazerne yn Kollum hat te krijen mei it grut tal gebouwen fan soarchynstellings. In definityf beslút oer de bou wurdt pas yn 2014 nommen. De sluting fan de brânwachtkazarne yn Bûtenpost sil soargje foar langere oanrydtiden by in brân of ferkearsûngelok. Dat ferwachtet groepskommandant Frans Kloosterman.