Migraasjerivier helpt fisken

30 okt 2012 - 11:41

In fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk sil posityf útpakke foar de fiskstân. Dat konkludearret de Waadferiening nei oanlieding fan in earste ûndersyk. De migraasjerivier is bedoeld om fisk de kâns te jaan fan de swiete Iselmar nei de sâlte Waadsee en oarsom te gean. Dat soe foar mear fisken soargje moatte.

De rivier moat neffens it ûndersyk de helte fan de tiid iepen stean, de oare helte moat er ticht om foar te kommen dat der sâltwetter yn 'e Iselmar komt.

Neffens de Waadferiening moat der no in ferfolchûndersyk fan twa jier komme, de rivier sels soe yn 2016 oanlein wurde moatte. De oanlis fan in kronkeljende, seis kilometer lange, migraasjerivier is net om 'e nocht. De kosten fan it projekt wurde rûsd op 80 miljoen euro. De inisjatyfnimmers rekkenje op stipe fan ûnder oare it Waadfûns en de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân. Fierder komme der ek jilden frij no't de folsleine Ofslútdyk oanpakt wurde sil. Biolooch Wouter van der Heij tinkt boppedat dat de fiskmigraasjerivier sa oanlein wurde kin, dat it ek oantreklik wurdt foar toeristen. Neffens Van der Heij giet it om in projekt dat unyk is foar hiel Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)