FNP: noed oer sluten byb SWF

30 okt 2012 - 11:13

It sluten fan fiif fan de sân biblioteken yn Súdwest Fryslân is neffens de FNP yn dy gemeente net yn it belang fan ynwenners. De FNP fynt dat it kolleezje te min omtinken hat foar de wichtige funksje fan de biblioteken en har tefolle liede lit troch de besunigings. In lytse biblioteek yn bygelyks in skoalle kin neffens de FNP nea in ferfanging wêze foar in folsleine biblioteek. De kommisje praat woansdeitejûn oer ûnder oare de besunigings by de biblioteken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)