Winkeldief op It Fean oppakt

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In ynwenner (36) fan It Hearrenfean is moandeitemiddei yn syn wenplak oanhâlden op fertinking fan stellerij mei geweld. Hy is betrape yn in winkel oan it Jisterplein. De man bedrige it personiel fan de winkel en naaide doe út. Personiel en omstanners achterfolgen him. De plysje koe de man in pear strjitten fierder oppakke. Hy siet ferskûle yn de boskjes. De man sit noch fest op it plysjeburo.