Friezinne fêst troch 'Sandy'

Amearika wachtet mei spanning op Sandy, de swiere stoarm dy't it lân naderet. Yn Pennsylvania wennet op dit stuit de 15-jierrige Chantal van Tilburg út Drachten. Sy giet dêr tsien moanne nei de Highschool. Yn har wenplak Abottstown wachtet se fol spanning de stoarm ôf. It reint al dagen en de kommende dagen sil se it hûs ek noch net út kinne.
Chantal fynt it wol spannend, mar makket har gjin grutte soargen oer de gefolgen fan Sandy. Se tinkt dat it hûs goed klear is op de stoarm.