Fryske reaksjes regearakkoart

29 okt 2012 - 17:19

Fryslân hat mei de Fryske taal en kultuer in sterke troef yn hannen om as provinsje bestean te bliuwen. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries moandei yn reaksje op it regearakkoart. Yn it nije akkoart stiet dat de provinsjes Noard-Hollân, Flevolân en Utrecht opgean sille yn ien nije lânsdiel. Yn 2025 soene alle tolve provinsjes yn fiif lânsdielen opgien wêze moatte.

Zorgbelang Fyslân is bliid dat de syktekostepreemje ôfhinklik wurdt fan it ynkommen. Yn Marsum is men net bliid dat de JSF der komt.

Miljeugroepen binne yn earste reaksje aardich posityf oer de plannen fan VVD en PvdA om't der ynvestearre wurdt yn de natuer. Marten Cornel fan Bouwend Nederland sjocht yn de plannen noch net de oplossing foar de krisis yn de bou. De publike omroppen moatte op 'e nij ynleverje. De lanlike omroppen 100 miljoen euro, de regionale omroppen 25 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)