Hieltyd mear hypoteekdakleazen

29 okt 2012 - 16:38

De dakleaze-opfang yn Fryslân krijt hieltyd mear minsken dy't de hypoteek net mear betelje kinne. Se reitsje dêrtroch har hûs kwyt en binne oanwiisd op opfangadressen. Zienn sit ûnder oare yn Ljouwert en yn Burgum.

De nije groep komt boppe-op de groep dakleazen dy't him by de opfang meldt. It wurdt sa drok dat de opfang sa no en dan gjin romte mear hat foar oanrinners. Der is sprake fan in nije ûntwikkeling: minsken dy't net ferslave binne, it spoar psychysk net bjuster binne, in baan hawwe, mar gjin hûs.

Trefwurden: 
Zienn dakleas hypoteek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)