Kommisje MFC Hantum lilk

De kommisje foar in nij grut doarpshûs yn Hantum is lilk op de gemeente Dongeradiel. Dy hat foar de bou fan it nije multyfunksjonele sintrum (MFC) mar 1 ton reservearre, wylst it doarp om hast 4 ton frege hie.
De nijbou moat fjouwer gebouwen ferfange. Dêr wurdt al mear as acht jier oer praat. It plan is boppedat al trije kear oanpast oan de winsken fan de gemeente. It stekt de kommisje dat de gemeente wol jild beskikber stelt foar oare doarpen en net foar dit gebou yn Hantum.