Frou swier mishannele

Geweld © Omrop Fryslân
In 29-jierrige Ljouwerter is sneintejûn oanhâlden nei't er syn 23-jierrige freondinne slim mishannele hie. De man en de frou sieten tegearre yn in auto op de Rixtwei, doe't de man begûn te slaan. De frou stapte út en belle de plysje. Dy hat de Ljouwerter by syn eigen wente oanhâlden.
De frou rekke by de mishanneling ferwûne oan it gesicht. Se moast nei de dokter foar behanneling. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.