Opnij ynbraak yn selde winkel

Ynbraak © Omrop Fryslân
In winkel foar kantoarguod oan de Graaf Adolfstrjitte yn Snits is snein foar de twadde kear yn in wike tiid troffen troch ynbrekkerij. Der waarden op 'e nij cartridges en toners stellen. Nettsjinsteande dat de plysje gau reagearre op it ynbraakalarm, waarden de dieven net fûn.
De ynbraak moat sneintejûn om sawat tweintich foar tolven bard wêze.