Frachtauto mei stiel stellen

Plysje © ANP XTRA
In stellen frachtwein mei 25.000 kilo stiel is opdûkt yn Hengelo. De wein ferdwûn yn 'e nacht fan sneon op snein fan in bedriuweterrein oan de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean. De plysje ûntduts de stellerij sneintemoarn. Doe't de truck weromfûn waard by Hengelo, wiene de dieven al útnaaid.
De frachtwein en de lading binne yn beslach naam. De plysje hat de saak yn ûndersyk.