Skoalbern krije fjoerwurkbril

Alle bern fan de boppebou fan basisskoalle De Bolster fan Balk ha tongersdei in fjoerwurkbril krigen. Se krigen dy fan de eacharts fan it Antoniussikehús yn Snits en in brillewinkel yn Balk. Sy fertelden de bern wat der mei eagen barre kin ast se net goed beskermest tsjin fjoerwurk. De brillen binne ek wer te keap by de resepsje fan it sikehús foar 2,50 euro.
In fjoerwurkbril beskermet de eagen by it ôfstekken fan fjoerwurk, mar ek by it sjen nei fjoerwurk. Ferline jier rekke yn Koudum in famke in each kwyt doe't mei fjoerwurk goaid waard.