Aris ferliest fan Zwolle

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha snein mei 92-69 by Zwolle ferlern. Nei it earste kwart seagen de Ljouwerters al tsjin in 34-19 efterstân oan. Benammen ferdigenjend liet de ploech fan Erik Braal it ôfwitte. By rêst stie der in tuskenstân fan 59-30 op it boerd. Ek nei it skoft bleau Aris efter de feiten oan rinnen. Aris hat no alle trije útwedstriden ferlern.