'Ferleegje kosten hierhûzen'

28 okt 2012 - 16:17

WoonFriesland moat de kosten foar de hierhûzen flink ferleegje. Der kin wol 300 euro it hûs yn it jier ôf. Dat skriuwt hierdersferiening De Bewonersraad Friesland yn syn nijsbrief. Neffens direkteur Van der Veen wurde in soad kosten rekkene foar marketing en personiel. As de kosten net ôfnimme, is de feriening benaud dat de ôfdracht fan de wenningboukorporaasjes yn de takomst oan it ryk trochberekkene wurdt oan de hierders. Neffens Van der Veen is benammen de ried fan kommissarissen fan de korporaasje ferantwurdlik foar de hege kosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)