Reüny fan koartebaanriders

Omkeaping en korrupsje is net inkeld fan dizze tiid. Der waard ek al rommele by it koartebaanriden. Dat die sneon bliken op de reüny fan koartebaanhelden yn it Reedridersmuseum yn Hylpen. De âld-riders fertelden dat in soad reedriders jild betellen om te winnen, foaral yn tiden fan earmoede. Sa fertsjinnen de ferliezers ek noch wat.
Tal fan kampioenen út de perioade 1940-1990 wienen op de reüny. Pieter de Boer(66) wie de meast suksesfolle reedrider, mei alve Fryske en nasjonale titels, dy't er yn de jierren 60 en 70 wûn.