Heit en soan oanhâlden

28 okt 2012 - 13:51
  • Oanhâlden

De plysje hat sneontenacht yn Aldskoat in heit (50) en in soan (20) oanhâlden. Ambulânsepersoneel wie nei it hûs oan de Bessemerstrjitte gien om't de soan net goed wurden wie. Mooglik kaam dat troch alkohol of drugs. Hy woe net meiwurkje en wie agressyf nei de helpferlieners. Heit bemuoide him dermei en drige de plysjes mei in moker. Nei't de buorman de moker ôfpakte, koe de plysje de heit oanhâlde. Ek de soan is meinaam om't er him fersette tsjin de helpferlieners.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)