Melief wint Kabaret Festival

28 okt 2012 - 12:45

Bart Melief hat it Ljouwerter Kabaret Festival wûn. Yn Theater De Bres wie sneon de finale fan de earste edysje fan it festival. Nei twa heale finales stiene fjouwer kabaretiers yn de finale. It publyk keas de úteinlike winner. Melief wûn earder yn Grins de persoanlikheidspriis op it Studintekabaret Festival dêr.

Theater De Bres programmearret comedy, kabaret, teater en muzyk. Begjin takom jier moat in nije comedyclub yn Ljouwert iepene wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)