Plan om skoalswimmen te hâlden

De fraksje fan Dantumadeel '82 wol it skoalswimmen behâlde. Tiisdei wurdt dêr oer praat yn de ried fan Dantumadiel. De gemeente wol it skoalswimmen skrasse om't der gjin jild mear foar wêze soe. It foarstel fan Dantumadeel '82 is om bern fan de groepen 4 en 5 ien kear yn de 14 dagen in oere skoalswimme te litten. Dêrby moat der ekstra omtinken wêze foar de bern dy't hielendal gjin swimles krije. Foar har is in swimynstrukteur beskikber. Foar de oare bern hat it skoalswimmen mear it karakter fan wiete gimmestyk ûnder tafersjoch fan in juf.
It foarstel fan Dantumadeel '82 kostet de gemeente 50.000 euro yn it jier.