Jonge (15) út azc fermist

© nl.missingkids.com
In 15-jierrige jonge út it asylsikerssintrum yn Drachten wurdt sûnt tongersdei fermist. De jonge is doe fuortrûn. Hy is noch hieltyd net werom en syn famylje makket him slim soargen. De jonge is net by kunde of oare famylje. In Burgernetoprop en in twitterberjocht fan de Meldkeamer hawwe noch neat opsmiten. Doe't de jonge fuortrûn, hie er in swarte broek oan en in donkerbrune jas en swarte sportskuon.