Jorrit Bergsma wint solo

27 okt 2012 - 22:20

Jorrit Bergsma hat de tredde maraton fan it seizoen mei oermacht wûn. De reedrider fan Aldeboarn naaide rom nei de helte fan de 125 rûntsjes yn Deventer út en krige, doe't er it peloton yn 'e rêch seach, noch help fan ploechmaat Bob de Vries. Nei it ôfsprinten fan de grutte groep mei winst foar Gary Hekman dy't krekt wat rapper wie as Arjan Stroetinga, mocht Bergsma syn lêste rûntsjes as earerûntsjes ôflizze.

By de froulju wie de winst yn de einsprint foar âld-Haulster Elma de Vries, foar Foske Tamar van der Wal en Maria Sterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)