Earste winst Harkemase Boys

27 okt 2012 - 21:23

Harkemase Boys hat lang om let de earste oerwinning fan it seizoen binnen. Op sportpark De Bosk waard Flevo Boys mei 4-1 ferslein. Reinder Slager sette de Boys yn de 10e minút op foarsprong. Dy marzje waard krekt foar it skoft ferdûbele troch Raymond Bolt. De spanning kaam fier yn de twadde helte werom troch de 2-1 fan Jarno van der Wal. Daliks dêrnei foelen de 3-1 en 4-1 foar de thúsploech troch Johsen Bacuna en Heine Uuldriks. Troch de 4-1 winst is de ploech fan Willem Brouwer net mear lêste yn de haadklasse C.

Boppedat waard it tal doelpunten ferdûbele, fan fjouwer nei acht yn acht wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)