Anema pakt sulver op 1500 m.

27 okt 2012 - 17:06

Hurdrydster Reina Anema fan Jong Oranje hat sneon op de twadde dei fan de Iselcup it sulver pakt op de 1500 meter. Mei in tiid fan 2.05.82 moast de rydster fan De Gordyk Laurine van Riessen (2.05.01) foar gean litte. Tredde waard Team Anker-rydster Marit Dekker. Anice Das, wenjend op It Hearrenfean, einige mei har tiid fan 2.06.03 krekt neist it poadium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)