Nijkleaster giet snein iepen

27 okt 2012 - 12:33

De stichting Nijkleaster iepenet snein de doarren fan syn ûnderkommen yn Jorwert. It giet om de tsjerke, dy't spesjaal foar de stichting foar 50.000 euro ferboud is. It ûnderkommen yn de tsjerke foarmet de opmaat nei in eigen kleaster fan de stichting. Dy hopet dat binnen sân jier te realisearjen. Der is ien miljoen euro foar nedich. Nijkleaster wol in plak wêze dêr't minsken ta rêst komme kinne en elkoar moetsje kinne, yn har syktocht nei it leauwe. It giet om in inisjatyf fan dûmny Hinne Wagenaar en syn frou Sietske Visser.

Trefwurden: 
Jorwert Nijkleaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)