Tsjûgen socht wapene oerfal

27 okt 2012 - 12:21

De plysje ropt tsjûgen op har te melden as se wat sjoen ha fan de wapene oerfal op de Primerawinkel op De Lemmer. Krekt foar slutingstiid, tsjin njoggenen, kaam in man freedtejûn mei in fjoerwapen de winkel yn oan it Boargemaster Krijgerplein. In meiwurkster (36) pakte de tas ôf dy't de man ûnder syn jas weihelle. De oerfaller naaide doe sûnder bút út. De man wie ein tweintich, hie in swarte jas en in spikerbroek oan en in bivakmûtse op. De plysje hat buertûndersyk dien en in boargernetoprop útgean litten. Dat hat noch neat opsmiten.

De plysje docht ek noch ûndersyk nei de wapene oerfal op de Poieszwinkel yn Ljouwert freedtemoarn. De kamerabylden fan de fertochte binne te sjen op www.dadergezocht.nl. Tsjûgen kinne mei de plysje belje. It tal winkeloerfallen nimt neffens de plysje noch hieltyd ta en dêrom is ferlline moanne de kampanje 'Keihard tegen overvallen' úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)