Publykspriis foar Mina Moes

27 okt 2012 - 09:54

De koarte film Mina Moes fan regiseusse Mirjam de With fan De Jouwer hat freed op it Cinekid filmfestival yn Amsterdam de publykspriis wûn. It is al de tredde kear dat de film yn de prizen falt. Earder wûn De With al prizen yn Itaalje en Dútslân. De film Mina Moes giet oer it sân-jierrige famke Mina Moes. Sy is gek op Minnie Mouse. Se docht alle dagen mûze-earen op nei skoalle ta. Har juf en mem fine dat se dêr mei ophâlde moat en har gedrage moat lyk as de oare bern. De film giet oer de striid dy't Mina Moes leverje moat om harsels te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)